Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan de ferhalejûn ‘BoekFloedBoek’ dy’t op freed 29 novimber om 20.00 oere yn kafee ‘Herbergh Het Wapen van Friesland’ yn Easterlittens holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge in koart ferhaal te skriuwen binnen it tema ‘Heechwetter’.
Heech wetter kin fansels frij ynterpretearre wurde. It kin gean oer it wettertij, kinst heech wetter ha ast nedich nei it húske moatst, of miskien stiet it wetter dy finansjeel of mentaal oan ’e lippen ta?
Skriuw dyn ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen en stjoer dat, mei dyn namme derby, foar freed 15 novimber nei ferhalewedstriid@boekenfanfryslan.frl.
Wa wit dielsto dy jûn as winner it poadium mei masterfertellers Sipke de Schiffart, Elmar Kuiper, Gabriëlle Terpstra, Bouke Oldenhof en Meindert Talma. De sjuery sil alle ynstjoeringen beoardielje en nei 29 novimber ek fan kommentaar foarsjen.